|
Nederlandse versie
SULT is belâne yn it prachtige lanlike Harich. Gidsen fan SULT nimme jo mei op in ûntdekkingsreis troch it doarp. Underweis komme jo by in bysûnder stikje natuer, jo binne tsjûge fan in garaazjeferkeap en it debútkonsert fan in jonge Harichster band.
Doarpsbewenners fertelle jo ûnderwilens harren ferhaal. Sy sille der alles oan dwaan om jo, as besikers, romhertich ynsjoch yn harren libben en wenplak te jaan. Mar hoe wolkom binne jo as it der op oankomt? Wat bart der as jo yn dizze lytse mienskip ôfwike fan it besljochte paad?
It doarp en har bewenners wurde op ’e proef steld yn harren gastfrijens mei de komst fan de nijste ynwenster Atalanta. As der sûnt de komst fan Atalanta in tal saken barre dy’ t dreech te ferklearjen binne, wize alle fingers al rillegau yn har rjochting. Mar hoe terjochte is dat? Foar de besikers oan Harich in moaie gelegenheid om troch de kontakten mei de doarpsbewenners achter it wiere ferhaal te kommen. Wa en wat is no dat Moardwiif?
Binne jo nijsgjirrich? Gean dan mei SULT op besite nei it smûke plakje Harich op 29, 30 septimber, 1, 2, 7, 8, 9 en 10 oktober om 19.30 oere. Neist bewenners en toanielspilers is der ek live muzyk.
Wy riede jo oan goede skuon en waarme klean oan te dwaan.
Keartferkeap: Kearten foar de foarstelling 'Moardwiif' binne € 16,- it stik. Foar freonen € 14,50 it stik (max. 2 kearten per freon) Kearten binne fan 30 augustus ôf online te bestellen en telefoanysk fan 13 septimber ôf, tusken 16.00 en 18.00 oere, tel: 06-19939621.
Spilers: Anita Bouwman, Cor Flapper, Theo Jager, Alie Ludema, Jetske Miedema, Thea Miedema, Michiel Osinga, Lieuwe Pietersen, Sonja Schotanus, Jan de Vries, Patrick de Vries.
Harichster Almenakken: Simon Albada, Johannes Bruinsma, Eling Koopmans, Pieter de Kroon, Foeke Oenema , Auke Volberda.
Gids: Saskia Rijpkema, Lolke Veenstra, Jan de Vries, Riekje Witteveen, Wietske Witteveen e.a.
Spektakel: Team Tynje en Rykjende Rym
Muzyk: Lieuwe Pietersen en band, Ilse de Vries en band
Ljocht ûntwurp: Kees Botman
Klean: Freja Roelofs
Teksten Peer Wittenbols, Sjoeke-Marije Wallendal en Anne Zijlstra
|