|
It Heksershol no ek as audioboek  Op tongersdei 1 oktober is yn Molkwar it earste eksimplaar fan it audioboek 'It Heksershol' oanbean oan Simon en Beitske de Jong, en oan Gosse Knop himsels. 'It Heksershol', in ferhaal út de Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma, is yn syn hiele hear en fear foarlêzen troch Wouter van der Wal. It komt út by harkboek útjouwerij Audiofrysk. It folksferhaal draait om de persoan fan Gosse Knop, in Molkwarder skipperssoan, dy't syn siel oan de duvel ferkeapet en nei in protte aventoeren en skelmstikken yn hiel Fryslân raar oan syn ein komt. No't Gosse Knop weromkommen is yn Molkwar, as haadpersoan fan de teaterfoarstelling fan SULT, joech dit in prachtige kâns om him mei syn eigen ferhaal te konfrontearjen. Ek it echtpear De Jong, twa fan de âldste ynwenners fan Molkwar, dy't noch net sa lang lyn nei Koudum ferhuze binne, wie tige fergulde mei it harkboek. Ta beslút song Alie Ludema it prachtige liet 'Bliuw by my' út de foarstelling.
foto Sanne van der Meer: Jan Schotanus en Gosse Knop (Jehannes Arendz) Troch de foarstelling fan SULT stiet it wurk fan Joast Hiddes Halbertsma wer folop yn de belangstelling. De Rimen en Teltsjes binne fan 't jier yn in nije printinge útbrocht, en no is der dan ek in harkboek fan It Heksershol ferskynd. It wurdt produsearre troch Audiofrysk. It ferhaal sil by in protte minsken bekend wêze troch de fertaling yn it Nederlânsk, dy't Theun de Vries yn 1963 by de Wereld Bibliotheek útbrocht. Yn it Frysk hat der noait in aparte útjefte fan it ferhaal oer Gosse Knop west. Oan no ta, want Wouter van der Wal hat it hiele ferhaal ynlêzen en dus kin it op cd of as mp3-download oanskaft wurde. Dit harkboek, nû AF-K4 yn de rige klassikers fan Audiofrysk, past op 3 cd's en kostet dan € 13,50. As download by www.luisterrijk.nl kostet it € 11.
Kombinaasje-aksje! Alle besikers fan de SULT-foarstelling kinne it audioboek foar nul sinten dellade by Luisterrijk. It iennichste dat jo nedich ha, is de koade dy't op it kaartsje stiet, dat jo by de foarstelling ûntfange. Dizze aksje rint oan te mei 1 novimber, dus krekt eefkes langer as de rige foarstellingen. Mear witte? Benijd nei de oare Fryske harkboeken? Sjoch dan op www.audiofrysk.nl Dêr fine jo audioboeken fan Feroaring fan lucht oant Skoare by FC Top, fan Een brogge van glas oant Yslik Aktyf, it nijste berneboek yn de Traveliers-rige.
|