|
Freed 21 augustus 2009, jûns om likernôch kertier oer alven, stoar Tsjerk Klaas Kramer, 62 jier. It wie in moaie simmerjûn. In dei earder wie de waarmste dei fan it jier. Hy wie op Laaksum, ien fan de moaiste plakjes fan Fryslân. "Wie de zon op het schoonst wil zien opkomen, moet hier wezen. De stilte, die velen begeren, is hier te vinden." Sa beskreau jeier, streuper, opsichter en fiskerman Wigle Visser syn wenplak. Tsjerk wie miskien net foar de stilte op Laaksum, want hy hold fan gesellichheid en wie it leafst ûnder de minsken. Mar miskien ek wol, hy mocht der graach eefkes sitte. Hy hat stikkers ophongen om reklame te meitsjen foar syn band, se woenen nei de fakânsje útein sette mei optreden.
 Goed sân jier lang hat hy, mei in koarte ûnderbrekking, bestjoerslid west fan Stifting Teatergroep SULT. As ponghâlder wie hy ferantwurdlik foar de sinteraasje en de kaartferkeap. Hy die de produksjelieding fan it stik Kyp Kwaiut, sa’t SULT dat yn 2003 spile hat op it Oerol Festival. As bestjoerslid wie er fêsthâldend, en net maklik te bepraten. Sa woe er net oan kant en kleare software foar de kaartferkeap, mar makke hy sels op de computer in kaartferkeap systeem. Dêr moat hiel wat tiid yn gien wêze, alle jierren krige it programma mear mooglikheden. Minsken koer er aardich skatte en fielde oan syn wetter at immen oare bedoelingen hie as dat er sei dat er hie. Oan praatsjemakkers hie er in gloepene hekel.
As ponghâlder wie er op syn plak en strang mar rjochtfeardich, sa’t fan in ponghâlder ferwachte wurdt. Mei heechdravende kulturele doelstellingen hie er net folle op, “de minsken wolle laitsje as sy in jûn fuort binne” sei er dan. Mar oan de oare kant lei er nimmen in striebreed yn de wei salang ‘t de budzjetten it talieten. By it útgean siet er by de doar te lústerjen nei wat de besikers mekoar fertelden oer it stik. Dat kommentaar brocht er op ús oer. Hy wie inkeld wol ris tige serieus en skeakele dan, mooglik om syn arguminten krêft te jaan, oer op in soarte fan formeel taalgebrûk. Meastentiids wie er maklik en meigeand, en koe hy mei in soad humor en rake typearringen út ‘e hoeke komme. Doe’t er in kear besite hân hie fan in pear sakeminsken dy’t him wat oansmarre woenen sei er: ”Der is gjin minder as dom praat út in moai pak”.
Der stie in optreden fan syn band yn Starum op it programma. Wy soenen him by dy gelegenheid op in SULT eigen wize ferrasse en him yn it sintsje sette en bedanke foar syn wurk foar de klup. It optreden waard hieltiid ferdage, mar it like der op dat it no hast wêze soe. Spitich. In Van Nelle yn de laitsjende holle. De markante en ûntwapenjende Tsjerk, sa sille wy him yn ús ûnthâld hâlde.
|