|
11-07-2010 Nije foarstelling 'Moardwiif' SULT spilet Moardwiif. Sult is belâne yn it prachtige lanlike Harich. Us beide gastregisseurs Anne Zijlstra en Sjoeke Marije Wallendal nimme jo mei op in ûntdekkingsreis troch it doarp. Wat libbet der en spilet him ôf yn it fredige Harich? Doarpsbewenners fertelle jo harren ferhaal en sy sille der alles oan dwaan om jo as besikers romhertich ynsjoch yn harren libben en wenplak te jaan en jo fiele te litten dat elkenien hjir wolkom is. Mar hoe wolkom binne jo as it der opoankomt? Moardwiif spilet fan 29 septimber t/m 19 oktober 2010 om 19.30 oere.
11-07-2010 'Heksershol' muzyk Op de webside kinne jo no muzyk ùt de foarstelling Heksershol downloaden. Ek stean de ferskes 'begraffenis/bruloft' en 'O bliuw by my' op You Tube.
11-07-2010 Teatergroep Sult HYVES Sjoch ek ris op de Teatergroep Sult Hyves en wurd freon.
Foar âlde nijsberjochten sjoch ûnder 'Media'. |
|